Do ’t Jim’ niis-krektsa hast allegear jim’ bitinken to witten dienen oer de frage, hok for wykblêd, „Sljucht en Rjucht” ef „Fryslân” de minste ûnsuvere ynfloeden ûndergiet, en oan hok for blêd it dos winskelik hâlden wirde moast as Jong-Fries mei to dwaen, en do ’t Jim praetten, lyk ik fen Jimme biwend bin, iepen en rounút, ek my gjin ôfkarring bisparjend, as Jim’ mienden, dat der reden for bistie, do haw ik dêrnei harke mei blide nocht, om ’t hwet Jim’ seinen, bliken joech fen earnstich oertinken en oertsjûgingsmoed. Ik winske dit oan it bigjin fen hwet ik to sizzen haw, efkes to forklearjen, om ’t ik it dochs nedich achte, in inkeld lid to binnen to bringen, dat er net bûten ’e oarder to g…
Or read it translated: 日本語 · 中文 · हिन्दी · Español · العربية · Français · বাংলা · Português · Русский · Bahasa Indonesia · اردو · Deutsch · Kiswahili · 한국어