Myn frjeonen fen it Friezne folts, de stamme Dy’t groeit en bloeit en delsiicht jimmeroan Mei rike rom, hwaens wiid-forneamde namme Is lyk in roas, prieljend yn sinnemoarn, Towile ljacht yn loft, fen fjûr oerflamme, Twinkeljend riist, fen rouswart net bidoarn, It folts dat strange stoerens flink biwarre En nea syn machtge moed net skriljend sparre—
Nou harkje nei myn tael, dy’t tsjustre tinzen Omtovert yn in swide simmersein’, Forhellet fen in lokkich lot dat jinsen Troch Walhals wrâld ús wenten waerd talein, Frijmeitsjend tel fen ’t ûnwit, dat fêst finsen Hie ’t froede folts, troch twivel skriklik slein: Det heech wy hâlde hwet de goaden retten Ta lok for ’t lân, dat hage oan hjar herte.…
Your support pays for translating these classics into more languages.
Support for $12/month DonateSubscribers read with instant translation, without waiting for the free daily limit.