O brune heide! wiidte, iensumheit yn gouden, gouden sinneskyn! ’t Gewaei fen âlde spjirren! ’t fyn gerank fen blonde, slanke bjirken! En al de hearlikheit fen rûmte, sûnder minske ef hûs! Dyn fûgels ha ik ljeaf, dy-t piipje yn dyn struwellen, Ef júbljend sjitte omheech nei ’t fiere blau.... Dyn blommen ha ik ljeaf, net roerd fen minskehânnen, Dy-t kleurich bloeije en kein, yn bûnte pronk’s forsjit Dyn poellen, hwer de djipten frjemd fen mearkes sjonge En keninklik en koel it swânneblomte bloeijt.... Dyn wolkens, sulvren toerren lyk út fiere, greate steden, Dy-t hjerst ynliede mei syn rein en winter mei syn snie; Den jeije oer dy, myn heide snie hjar wylde ruters, En traepje petten ticht en s…
Or read it translated: 日本語 · 中文 · हिन्दी · Español · العربية · Français · বাংলা · Português · Русский · Bahasa Indonesia · اردو · Deutsch · Kiswahili · 한국어