Dit is de syktme, dy’t it ûnsidige lân, dêr ’t wy yn libje, oantaest hat en ûnsjênber, stadichoan it hiele gestel ûnderminet, oant er ienris tapakt en ynslacht, sûnder in lytse kâns op genêzing to litten --det, wylst tichte by ús grinzen de blom fen ’e jonkheit út omlizzende lânnen sichte wirdt fen ’e dea, wylst de nachtloft read is fen fjûr en de groun fen bommen towoelle, wylst de lânnen sêd binne fen geskriem en de weagen fol fen gerop, fierwei de measte minsken hjirre dogge, as barde der neat, en swietsjesoan trochgean mei hjar deistich wirk, ef mei hjar wyn-drinken en it ôfrinnen fen komeedzjes en jounspretten foartfarre. Men fetsje my wol. Nimmen scil bigeare, det wy nei de yllinde en…
Or read it translated: 日本語 · 中文 · हिन्दी · Español · العربية · Français · বাংলা · Português · Русский · Bahasa Indonesia · اردو · Deutsch · Kiswahili · 한국어